Leeuwarden e.o.

Friese voorleesweek

Fan 6 o/m 9 juny is it Fryske Foarlêswike.

Fan 6 o/m 9 juny is it Fryske Foarlêswike. Dan sille goed seishûndert foarlêzers, oeral yn Fryslân, foarlêze oan pjutten op pjutteboartersplakken, bernedeiferbliuwen en by gastâlders. It giet om sa’n tolvetûzen pjutten. De foarlêzers binne paken en beppen, heiten en memmen en bekende Friezen, dy’t harren ynsette foar de Fryske Foarlêswike.

It provinsjaal projekt ‘Foarlêzen yn it Frysk oan pjutten’ is in gearwurkingsprojekt fan it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse en de Tomke-wurkgroep. It Selskip is it ferbân fan kriten yn Fryslân. De Tomke-wurkgroep wurdt foarme troch Afûk, Bibliotheekservice Fryslân, Cedin – Sintrum Meartaligens en Sintrum Frysktalige Berne-opfang. It Selskip hat as doel it fuortsterkjen fan de Fryske taal en it Fryskeigene yn al syn uteringen

Terug naar overzicht